Jorn (8) krijt Sulveren Polske

14 mrt 2012 - 10:03

Jorn Witveen út Nyegea krijt it Sulveren Polske. Hy is de earste finer fan in ljipaai ûnder de 13 jier. De achtjierrige fûn it aai tiisdeitejûn yn it lân tusken Aldegea en Nyegea. Hy hat it aai woansdeitemiddei oan deputearre Johannes Kramer oanbean. Op it provinsjehûs krige er it Sulveren Polske.

Earst waard tocht dat Jorn ek it earste ljipaai fan Smellingerlân fûn hie, mar dy eare gie nei Anne Hoekstra dy't itselde stik greide in aai fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)