Jordy Buijs goed troch keuring

03 jun 2014 - 12:29
  • Jordy Buijs

Jordy Buijs is moandei mei flagge en wimpel slagge foar de medyske keuring by Sportklup Hearrenfean. De 25-jierrige fuotballer spilet no definityf de kommende twa seizoenen yn it Abe Lenstrastadion. "Ik ben topfit," seit Buijs, dy't in protte nocht hat om yn Fryslân oan 'e slach te gean. "Heerenveen is voor mij een flinke stap voorwaarts." Nei syn oplieding by Feyenoord spile er in tal seizoenen foar De Graafschap en de lêste trije jier foar NAC Breda. Buijs kin op it middenfjild en yn 'e ferdigening út 'e fuotten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)