Jordaanske kening nei Fryslân

10 nov 2005 - 11:15

De kening en keningin fan Jordanië en kroanprins Willem-Alexander komme op 1 desimber nei proefbuorkerij Nij Bosma Zathe yn Goutum, it Van Hall-ynstitút yn Ljouwert en it Poptaslot yn Marsum.

De royalty komt moarns mei it fleantúch oan op de fleanbasis by Ljouwert. Dêrnei folgje de besites. Fierder steane der noch in hynsteshow en in tocht mei in solar-boat oer de Potmarge op it programma. Der is ekstra befeiliging op alle plakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)