Joram Smits nei Harkemase Boys

09 feb 2013 - 13:48

Harkemase Boys hat de earste oanwinst foar it nije seizoen binnen. De 21-jierrige Joram Smits komt takom seizoen oer fan SC Joure nei de Harkiten. Smits siet sûnt 2010 by de A-seleksje fan SC Joure, dy't útkomt yn de earste klasse F. Oant no ta wie de oanfaller goed foar 25 kompetysjetreffers, wêrfan sân yn dit seizoen.

It nijs dat Smits kiest foar Harkemase Boys wie in grutte domper foar ONS Boso Snits. De Snitsers wienen al sa goed as rûn mei de oanfaller. It doel wie om Smits takom wike by de wedstriid tsjin SVZW te presintearjen.

Neffens Smits sels wie der gjin sprake fan in definitive oerienkomst mei ONS.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)