Joppe Festival hâldt op

20 mrt 2011 - 10:41

Nei 15 jier komt der in ein oan it Joppe Festival yn de Tsjongerfallei yn Aldhoarne. Dat hat de organisaasje bekend makke. Neffens de organisatoaren waard it hieltyd lestiger om de kosten foar it feest leech te hâlden.

It oantal besikers rûn werom en boppedat waarden der hieltyd strangere easken steld oan it festivalterrein. It Joppe Festival ûntstie yn augustus 1996 nei in eksamenfeest.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)