Joost Visser Nijehaske fallyt

19 mrt 2010 - 12:28

It bedriuw Joost Visser Infrastruktuur BV út Nijehaske is fallyt ferklearre troch de rjochtbank yn Amsterdam. It bedriuw hat ek noch festigings yn Kolham en Kampen. Der wurkje yn totaal 90 minsken. De lange winterperioade en de ekonomyske krisis binne de oarsaken fan it fallisemint, neffens kurator Robert Verdonk.

Joost Visser Infrastruktuur BV hie in jieromset fan 22,5 miljoen. De hjoeddeiske eigners fan it bedriuw besykje in trochstart te realisearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)