Joost van Aken wer blessearre oan de hamstring

03 sep 2015 - 19:30
  • Joost van Aken yn aksje foar SC Hearrenfean tsjin Feyenoord, it ôfrûne seizoen

Ferdigener Joost van Aken fan SC Hearrenfean is op 'e nij blessearre rekke oan de hamstring. Van Aken hope dizze moanne wer oan spyljen ta te kommen, mar krige wer lêst fan de hamstring. Undersyk yn it sikehûs hat útwiisd dat de blessuere slimmer wurden is. Hoelang't Van Aken útskeakele is, is net dúdlik, wol dat it in hiel skoft is.

Ferdigener Jordy Buijs is wol hersteld fan in swiere blessuere. Hy rekke ferline jier novimber blessearre oan de knibbel, mar hat tongersdei foar it earst wer spile yn in oefenwedstriid.

SC Hearrenfean spile tongersdei in oefenwedstriid tsjin Achilles '29.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)