Joost van Aken fraachteken foar duel tsjin Vitesse

27 maaie 2015 - 12:18
  • Joost van Aken

SC Hearrenfean-spiler Joost van Aken wit noch net oft hy tongersdei meidwaan kin tsjin Vitesse. Van Aken hat al tiden lêst fan syn hamstring. Hy beslút tongersdei ûnder de warming-up oft hy fit genôch is. Thern hat ferline wike mei in tsiisrasp in stik fan syn finger raspe en spilet dêrtroch mei ferbân om syn finger.

Larsson wie snein tsjin Feyenoord lang net fit troch in pynlik ankel, mar hy kin nei alle gedachten gewoan meidwaan. Hearrenfean spilet tongersdei de earste wedstriid yn it Abe Lenstra Stadion yn de play-offs tsjin Vitesse.

Snein is de return yn Arnhem. Ynset fan de duels is in plak yn de foarronde fan de Europa League.

Der binne woansdei 12.000 kaarten ferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)