Joost van Aken ferlingt kontrakt by SC Hearrenfean

24 jun 2015 - 15:28
  • Joost van Aken

Joost van Aken hat syn kontrakt by SC Hearrenfean mei 2 jier ferlingd oant 2018 . De sintrale ferdigener stie ek yn de belangstelling fan oare klups, mar hat der foar keazen him earst noch te ûntwikkeljen by SC Hearrenfean.

De 21-jierrige Van Aken makke febrewaris ferline jier syn debút by de Friezen. Frij gau dêrnei krige hy in basisplak. Dit seizoen sil er de konkurrinsje oangean moatte mei Jerry St Juste, Kenneth Otigba en Jordy Buijs foar de plakken sintraal yn de ferdigening.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)