Joop Atsma steatssekretaris

12 okt 2010 - 15:12
  • Joop Atsma (foto: Martin de Jong)

Joop Atsma (54) wurdt steatssekretaris fan it nije ministearje fan Ynfrastruktuer en Miljeu. Dat hat Atsma tiisdeitemiddei befestige. Hy sil wurkje ûnder minister Melanie Schultz van Haegen, de jongste minister fan it nije kabinet VVD/CDA mei gedoochstipe fan 'e PVV. Rutte hat no syn kabinet sa goed as klear.

Atsma sit sûnt tolve jier yn 'e Twadde Keamer foar it CDA. Dêrfoar wie er fraksjefoarsitter fan it CDA yn Provinsjale Steaten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)