Jonkman praat al 24 oeren

08 feb 2014 - 11:58
  • Jonkman dwaande mei syn rekôrspeech
  • Jonkman nei mear as 22 oeren

Wethâlder Rob Jonkman fan Opsterlân is krekt oer de 24 oeren hinne mei syn speechmaraton. Jonkman wol it rekôr fan 33 oeren ferbrekke. It plan is om 34 oeren lang oan it wurd te wêzen, mei maksimaal twa oeren skoft. Hy docht dat foar in goed doel. Bedriuwen en ynstellings koene sprektiid by him ynkeapje. Yn blokjes fan tsien minuten fertelt Jonkman dan wat dy sponsor wol dat er fertelt.

De opbringst fan de rekôrpoging giet nei de Ronald McDonald Hoeve en smyt Jonkman, as it slagget, in fermelding op yn it Guinness Book of Records.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)