Jonkjes stichtsje brân Wâldwei

27 mrt 2012 - 09:45

Twa jonkjes fan 12 jier út Drachten binne moandei oanhâlden foar brânstichting. Se hiene op de lûdswâl njonken de Wâldwei in fjoerke makke. De berm rekke yn de brân en de jonkjes koene it fjoer net mear út krije. De brânwacht hat it úteinlik útmakke. Dêrfoar moast ien rydstrook fan de Wâldwei tydlik ôfsletten wurde. Dêrtroch ûntstie in file. In automobilist seach dat te let en botste achterop in auto. Der rekke gjinien ferwûne.

De beide jonges moasten mei nei it plysjeburo. Dêr binne heiten en memmen ek ynformearre oer harren die.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)