Jonkjes meie foarearst bliuwe

16 mrt 2012 - 16:17

Goed nijs foar it útprosedearre asylsikershúshâlding Samadi yn Akkrum. Oant freedtemoarn seach it dernei út dat de bruorkes Ali Abbas en Ali Hassan mei heit en mem moandei nei Ter Apel moasten om dêr de útsetting ôf te wachtsjen. Skoalle en âlden fiere aksje om se hjir te hâlden, mar foarearst sûnder súkses.

De broerkes namen freedtemoarn yn stilte ôfskie fan har klasgenoatsjes. Doe kaam in telefoantsje dat se dochs noch langer yn Akkrum bliuwe meie. Mooglik wurde se oer in pear wike dochs noch útset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)