Jonkjes losse saak op

15 nov 2008 - 14:11

Trije jonkjes (9 en 11 jier) ha in saak fan de plysje oplost. Se fûnen by tafal de tsientallen tsjildoppen dy't begjin oktober op De Lemmer stellen waarden. It gie om doppen fan it merk Volkswagen.

Twa broerkes út De Lemmer en in freontsje fan De Jouwer wiene oan it boartsjen yn it Lemsterboskje doe't se in pear fan dy tsjildoppen fûnen. Se brochten se fuortdaliks nei it plysjeburo. In pear dagen letter fûnen se noch mear doppen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)