Jonkjes ferwûne op De Tike

20 maaie 2006 - 16:54

Twa jonkjes fan sân en njoggen jier binne freed ferwûne rekke by in botsing op De Tike. De 9-jierrige hie it 7-jierrige jonkje achterop de fyts. Se rieden it skoalplein oan de Master de Jongwei ôf en kamen doe yn botsing mei in brommer.

De brommerrider (16) út Burgum besocht de fyts noch te ûntwiken, mar dat slagge net. De jonkjes binne mei de ambulânse nei it sikehûs yn Drachten brocht. De ferwûnings foelen ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)