Jonkje(11) ferstoarn nei ûngelok

11 apr 2005 - 15:33

In jonkje fan alve is fan it wykein ferstoarn nei't er freedtejûn swier ferwûne rekke by in ûngelok op de Stasjonswei yn Molkwar. It jonkje boarte op in skelter. Dêrby hat er nei alle gedachten in skerpe punt fan in staaf betonizer yn it gesicht krigen.

It jonkje is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it akademysk sikehûs yn Grins. Dêr is er oan syn ferwûnings ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)