Jonkje ûnder gersmeaner

23 apr 2009 - 13:38

In jonkje fan fiif is woansdeitemiddei yn Easterstreek by Noardwâlde ferwûne rekke doe't in meanmasjine oer syn skonken ried. De masjine, in trekker/sitmeaner, waard bestjoerd troch in 34-jierrige frou. It jonkje wie oan it boartsjen en foel mooglik doe't de frou op de gersmeaner foarby kaam.

Mei ferwûnings oan de foet en skonk is it jonkje mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)