Jonkje sûnder nasjonaliteit

30 jan 2007 - 21:01

It is in Ljouwerter heit net slagge om foar syn krekt berne soantsje de Nederlânske nasjonaliteit te krijen. De mem is Peruaanse en de âlders binne net troud. De heit hie dêrom de poppe foar de berte offisjeel erkenne moatten. Dat is net gebeurd en no moat der in ferbliuwsfergunning oanfrege wurde foar it jonkje.

De heit hat beswier makke by de gemeente Ljouwert mar dy moat de wet neilibje en kin net oars.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)