Jonkje mishannele mei mes

25 jul 2013 - 17:15

In jonkje fan 11 jier út Ljouwert is woansdeitemiddei mishannele troch trije oare jonges. Dêrby is ek in mes brûkt. De mishanneling wie om kertier oer ienen yn de Jacob Binckesstrjitte. It slachtoffer rekke licht ferwûne en is bot skrokken. De dieders binne trije jonges fan deselde leeftyd as it slachtoffer.

It giet om donkere jonges mei koarte swarte krullen, koarte swarte broek mei reade opdruk en wite Nike-skuon. De plysje siket tsjûgen fan de mishanneling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)