Jonkje fynt gefaarlike granaat

04 apr 2011 - 11:58
  • Ulke op it plak fan de granaat

De 10-jierrige Ulke Vijfschaft út Surch hat snein by de iisbaan yn syn wenplak in granaat út de Twadde Wrâldoarloch fûn. It eksplosyf, in 8,8 sm brisantgranaat, stie op skerp en is nei alle gedachten by it heakkeljen út de sleat helle.

De granaat is op in militêr terrein by Breesândyk ta ûntploffing brocht troch it Eksplosiven Opromming Kommando fan de Marine. De plysje hat dêrby assistearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)