Jonkje fêst yn fuotbalgoal

06 apr 2011 - 18:27

In jonkje út Ljouwert hat woansdeitemiddei in skoft klem sitten op in fuotbalgoal. Hy wie yn it Zamenhofpark op in metalen goal klommen en dêrby mei syn skonk fêst kommen te sitten. Hy koe sels net mear loskomme.

De oproppen brânwachtminsken hawwe in stikje út de goal seage, sadat it jonkje wer los kaam. Hy rekke net ferwûne en koe gewoan wer fierder fuotbalje. Foar de skrik krige hy noch in bear fan de brânwacht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)