Jonkje ferdronken yn Harich

30 jul 2007 - 09:50

In jonkje fan twa jier út Ermelo is sneintemiddei ferdronken yn in swimbad op in kamping oan de Bokkeleane yn Harich. De jonge is nei alle gedachten ûnder it boartsjen yn it wetter rekke. In omstanner hat him fûn.

De plysje, twa ambulânses en in traumahelikopter kamen om help te ferlienen. It jonkje is mei de ambulânse nei it sikehûs fan Ljouwert brocht. Dêr is er ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)