Jonkje by brân omkommen

28 sep 2009 - 04:23
  • De flammen slaan út it chalet (foto: Jan Droogsma 112Fryslân)

By in brân yn in karavan op kamping It Soal yn Warkum is snein in jonkje fan 3 jier út it Dútske Essen omkommen. It berntsje siet mei syn mem yn it fakansjeferbliuw, doe't de brân útbruts. De mem koe der sels útkomme, It jonkje is troch helptsjinsten út de karavan helle en nei it sikehûs brocht. Dêr is er letter dy jûn ferstoarn. De mem hie allinnich ferwûnings oan de hannen.

Wat de krekte oarsaak fan de brân is, is net noch bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)