Jonkje (9) ferwûne by oanriding mei trekker

05 mrt 2016 - 15:27

Op de Kei yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert is sneontemiddei in jonkje fan 9 jier ferwûne rekke, doe't er oanriden waard troch in trekker. It jonkje draafde fan in parkearplak ôf de dyk op en dêr kaam krekt de trekker oan.

Ferskate helptsjinsten waarden oproppen, wêrûnder twa sikeauto's. Ek waard in traumahelikopter ynskeakele. It jonkje is mei ferwûnings oan de holle nei it sikehûs brocht. Hy is net yn libbensgefaar. De plysje docht ûndersyk nei wat der bard is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)