Jonkje (8) út Drylts ferdronken

27 jan 2006 - 14:22

In 8-jierrich jonkje út Drylts is tongersdei oan it begjin fan de jûn yn it sikehûs yn Snits ferstoarn. It jonkje wie oan de ein fan de middei tegearre mei noch in 8-jierrich jonkje yn syn wenplak troch it iis sakke. Dat barde op in wetterke oan de Opperdykstrjitte.

It iene jonkje koe frij gau út it wetter helle wurde. It oare jonkje hat sa'n 20 minuten ûnder it iis yn it wetter lein foardat er fûn waard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)