Jonkje (8) komt om by ûngelok

23 mrt 2006 - 14:35

In achtjierrich jonkje út Burgum is woansdei ferstoarn neidat er troch in taksibuske njoggen meter meilutsen wie. It jonkje waard thúsbrocht troch it buske. De sjauffeur miende dat de jonge útstapt en fuortrûn wie. Mar doe't er fuortried, hearde er in pear klappen tsjin de sydkante fan de bus.

It jonkje wie mei syn jas fêstrekke tusken de skodoar en waard meilutsen. Hy is nei it sikehûs yn Ljouwert brocht, mar ferstoar dêr letter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)