Jonkje (8) klem op stasjon

03 maaie 2014 - 14:19
  • Jonkje klem op stasjon fan It Hearrenfean

In jonkje fan 8 jier hat sneon oan it begjin fan de middei in skoftke klemsitten op it treinstasjon fan It Hearrenfean. It jonkje bedarre mei de knibbel tusken in trepleuning en in muorre. Omdat er der sels net mear weikomme koe, waarden de helptsjinsten oproppen. Dy slaggen deryn it jonkje nei in kertier te befrijen.

It jonkje hat neat oan syn aventoer oerhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)