Jonkje (7) ferwûne nei oanriding

26 maaie 2002 - 00:00

In 7-jierrich jonkje út Ingelum is sneon ferwûne rekke by in oanriding mei in auto by Bitgummole. De bestjoerder fan de auto stoppe earst wol, mar nei't er even sjoen hie, ried er fierder.

It jonkje hie in wûne oan 'e holle dy't troch de húsdokter behannele wurde koe. Ek hie er in swiere harsenskodding. De autobestjoerder fan 84 jier koe letter heard wurde yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)