Jonkje (4) fan trep fallen

21 maaie 2004 - 00:00

In fjouwerjierrich jonkje is tongersdei yn motel E-10 by Tytsjerk fan de trep fallen. De klap kaam sa hurd oan dat er in skoft út 'e tiid wie. Letter kaam er wer by.

Neffens it personiel fan de twa sike-auto's, dy't gau te plak wiene, is syn tastân stabyl. Foar de wissichheid is it jonkje mei de helikopter nei it Akademysk Sikehûs yn Grins oerbrocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)