Jonkje (12) ferûngelokke

12 jan 2006 - 12:34

In jonkje fan 12 jier fan 'e Harkema is woansdeitemiddei om it libben kaam by in ûngelok op de Feartswal by Stynsgea. In 24-jierrige bestjoerder fan in bestelbus seach it slachtoffer fytsen en tocht dat er stean bliuwe soe. Mar ynienen stuts de jonge oer en botste tsjin de foarkant fan de auto.

It slachtoffer is fuortendaliks mei de ambulânse ôffierd nei it sikehûs yn Grins, dêr't er jûns ferstoar oan syn ferwûnings. De plysje hat ûndersyk dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)