Jonkje út Starum ferdronken

25 jul 2012 - 13:08

In jonkje fan seis jier út Starum is juster ferdronken yn it Henschotermeer by Woudenberg. Dat hat de plysje bekend makke.

It jonkje wie mei syn mem en oare famylje by it marke en waard oan it begjin fan de middei fermist. Dûkers fan de brânwacht waarden oproppen om te sykjen. It jonkje waard yndied yn it wetter fûn en yn kritike tastân nei it sikehús brocht. Dêr is er letter ferstoarn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)