Jonkhear Van Eysingha oandien

20 mrt 2004 - 00:00

Jonkhear Van Eysingha fan Sint Nyk wie yn de tiid fan Juliana keamerhear fan de keninginne yn Fryslân. Hy is oandien troch it ferstjerren, mar is ek bliid dat oan har lijen fan de lêste jierren in ein kaam is.

Van Eysingha waard as jonkje fan seis foar it earst foarsteld oan Juliana. Hy priizget har benammen fanwege har sosjale belutsenens en har fermogen har yn te libjen yn de gewoane minsk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)