Jongste riedslid nimt ûntslach

29 sep 2014 - 15:16
  • Britt Hendrix
  • Britt Hendrix yn ried PvdA

Britt Hendrix, it jongste riedslid fan Nederlân dat foar de PvdA yn de ried fan Ljouwert sit, hâldt op mei har funskje. Sy hat moandeitemiddei har ûntslach yntsjinne by boargemaster Crone. As reden jout de no 18-jierrige Hendrix op dat se troch har nije stúdzje rjochten gjin tiid mear hat om it riedswurk goed te dwaan. Se fynt it sels in pynlik beslút dat se nimme moast. Hendrix kaam mei 354 foarkarstimmen yn de ried.

Hendrix siet sûnt jannewaris fan dit jier yn de rie. It is har eigen beslút en de partij hat har der net útset, seit se.

Op de webside fan de PvdA Ljouwert stiet in persoanlike meidieling fan Britt Hendrix oer har beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)