Jongste riedslid is Ljouwerter

08 mrt 2006 - 11:16

It jongste riedslid fan Nederlân komt komt foar de SP yn Ljouwert yn de ried. It is de 18-jierrige Farshad Bashir. Bashir helle by de ferkiezings 408 foarkarstimmen.

It jongste riedslid sit yn de eineksamenklasse fan it VWO. Hy sil him yn de ried dwaande hâlde mei jongereinsaken, ûnderwiis, kultuer en sport. De SP wûn yn Ljouwert ien sit derby, en hat aanst 4 sitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)