Jonges Wjelsryp kampioen

19 jun 2010 - 18:11

It jongespartoer fan Wjelsryp is sneon yn Sint Anne Nederlânsk kampioen keatsen wurden. Pieter Scharringa, Gerrit Scharringa en Jelle Scharringa wûnen yn de finale mei 5-3 en 6-0 fan Seisbierrum.

It partoer fan Seisbierrum bestie út Johannes van der Veen, Pieter van der Schoot en Kees van der Schoot. Seisbierrum stie ferline jier ek yn de finale fan it NK. Ek doe moasten se genoegen nimme mei de preemje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)