Jonges út De Westerein oppakt

28 jan 2006 - 13:09

De plysje hat fan 'e wike fjouwer jonges út De Westerein en Sweagerbosk oppakt dy't fertocht wurde fan brânstifting en in tal fernielings yn it doarp. De plysje seit te witten dat de mannen krekt foar krysttiid tsientallen lampen yn it winkelsintrum fernield ha.

De fertochten hearre by in groep dy't altyd omhinget by Super de Boer yn De Westerein. De plysje ferwachtet dit wykein noch mear jongeren op te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)