Jonges trappearre mei airsoftgewearen yn Bûtenpost

23 okt 2015 - 20:14

De plysje yn Bûtenpost hat freedtemiddei trije 14-jierrige jonges fan in dak helle, dy't dêr mei airsoftgewearen oan it boartsjen wiene. De jonges hienen bivakmûtsen op en wienen op in gebou klom, doe't in tsjûge harren seach. Dy warskôge fuortendaliks de plysje.

Dy hat mei de âlden fan de jonges praat. De jonges sels moatte harren ynkoarten by de plysje melde. De wapens lykje hiel echt en binne dêrom yllegaal. Se binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)