Jonges stelle tsjildoppen

19 okt 2009 - 09:52

Trije jonges yn de leeftyd fan 15 en 16 jier binne sneintejûn krekt bûten Akkrum oanholden op fertinking fan stellerij. In tsjûge hie sjoen dat inkele jongeren op de Túnkerij op De Jouwer tsjildoppen fan in auto stellen hiene. De tsjûge skreau it nûmer op fan de brommer wêrmei't de jonges útnaaiden en belle de plysje.

By Akkrum koene de jonges oanholden wurde. De tsjildoppen waarden net mear oantroffen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)