Jonges stelle bûtenboardmotor

15 jun 2014 - 11:25
  • Bûtenboardmotor

Twa jonges fan 16 jier út Sint Anne binne yn de nacht fan sneon op snein oanhâlden foar it stellen fan in bûtenboardmotor. De eigener fan de motor kaam harren oer it mad op de Hegedyk yn Wier, doe't er mei de hûn fuort wie. Hy seach de jonges fuortfarren mei de motor achteryn harren boatsje.

De jonges hawwe de motor werombrocht nei de steger. De eigener hat de plysje belle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)