Jonges stelle bôle yn Harns

23 aug 2014 - 10:53

De plysje hat freedtejûn yn Harns trije jonges oppakt foar it stellen fan bôle út in supermerk. It trio, twa Harnzers fan 17 en 19 jier en in 16-jierrige jonge út Wâldsein, wienen oer it stek by de winkel oan de Westerseedyk klommen. Dêr hawwe se de bôle fuorthelle.

In tsjûge seach de jonges en warskôge de plysje. Dy hat de fertochten op de Prinses Irenestrjitte oppakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)