Jonges stekke scooter yn brân

11 aug 2013 - 09:41

Twa jonges ha sneintemoarn betiid op de Dellen yn Surhústerfean in scooter yn brân stutsen. In tsjûge hie sjoen dat de jonges mei de scooter troch de strjitte rûnen en yn brân stutsen. Nei alle gedachten is de scooter stellen, mar koene se him net oan de praat krije. De brânwacht moast der oan te pas komme om it fjoer te blussen. De plysje hopet mei help fan tsjûgen achter de identiteit fan de jonges te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)