Jonges slane taksysjauffeur

12 aug 2011 - 10:23
  • Argyffoto Omrop Fryslân

Op Skylge binne tongersdeitenacht twa jonges oanhâlden foar it slaan fan in taksysjauffeur. De jonges binne 16 en 17 jier âld en se komme út Zeddam (Gelderlân). Se hearden by in groepke dat rûzje krige mei in oare groep oer wa't mei de taksy soe. Dêrby krige de sjauffeur klappen.

De sjauffeur belle de plysje. Dy naam trije minsken mei nei it buro. Ien fan harren hie neat dien. Dy mocht wer fuort. De oare twa binne fêstset. It barde allegearre op it haventerrein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)