Jonges ride yn golfkarre

17 jul 2011 - 13:47

Twa jonges (17) út Mildaam en Ketlik binne sneontenacht oanhâlden yn Mildaam. De plysje seach de jonges yn in golfkarre op de Schoterlandseweg riden. It die bliken dat se de karre sûnder tastimming fan de eigner meinaam hiene. De bestjoerder hie dronken. De jonges moasten nei it buro.

Fan in golfterrein binne sneontenacht twa golfkarren meinaam. By in partikulier is ek in golfkarre meinaam. Der wurdt noch ûndersocht wêr't de jonges de karre weihelle hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)