Jonges ride mei drank op

14 apr 2013 - 09:43
  • Plysje-embleem

De plysje hat sneontenacht twa jonges fan 18 jier út de gemeente Súdwest-Fryslân oanholden foar it riden mei drank op en it riden sûnder rydbewiis. De plysje hie in melding krigen dat de jonges by de wenning fan ien fan har yn 'e auto stapt wiene.

Doe't it duo de plysje seach, naaide it hurd út. De plysje hie de jonges al gau te pakken. Se moasten mei nei it buro. Dêr binne se fêstsetten foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)