Jonges regelje sels crossfjild

25 sep 2008 - 10:29

Twa jonges fan 9 jier út Aldeboarn hawwe sels in nij crossfjildsje regele. Dat komt op it eardere terrein fan oannimmersbedriuw Knol dat nei Akkrum ferhuze is. De jongens hawwe sels in hantekenaksje opset en in brief skreaun nei it gemeentehûs.

Boargemaster Schadd hat woansdei op besite west by de jonges en tasein dat der in crossfjildsje komt. Op termyn komme der huzen op it terrein fan Knol. Dan moat it crossterrein der wer wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)