Jonges pakt foar tunneloerfal

07 feb 2013 - 17:13
  • Fytser oerfallen yn fytstunnel

De plysje fertinkt trije jonges út Ljouwert fan it berôvjen fan in 25-jierrige fytser. Dat wie ferline wike woansdei yn in fytstunnel by it Kealledykje yn Ljouwert. De trije easken jild en bedrigen him dêrby mei in fjoerwapen of in ding dat dêrop like.

De fytser wegere it jild te jaan en der ûntstie fjochterij. Doe't de fytser deryn slagge ien fan de trije de bivakmûtse ôf te lûken, naaiden de jonges út. Nei oanlieding fan ynformaasje fan tsjûgen en it ûndersyk fan de plysje koene de trije tongersdeitemoarn oppakt wurde.

De jonges binne 15, 16 en 17 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)