Jonges pakt foar strjitrôven

03 apr 2008 - 10:13

De plysje hat twa jonges fan 15 en 16 út It Hearrenfean oanhâlden omdat se twa froulju besocht ha te bestellen. Ien fan de froulju waard ûnder bedriging fan in mes twongen om har bûsen te leegjen. Omdat dêr neat fan wearde ynsiet, namen de jonges neat mei. By de oare frou besochten se de tas ôf te pakken, mar dat slagge net.

De jonges wurde ek fertocht fan mishanneling fan in tal foarbygongers. Dêrby waard de jonge fan 15 oppakt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)