Jonges pakt foar mishanneling

02 jan 2007 - 11:04

Yn Drachten binne Nijjiersdei fjouwer jonges tusken de 13 en 16 jier oppakt foar mishanneling. Se hiene fjoerwurk nei de wente fan in 72-jierrige Drachtster smiten. It slachtoffer sei dêr wat fan. De jonges joegen de man in triuw en hy foel.

Mei ferwûnings oan de heupe is de man nei it sikehûs brocht. Nei in koarte syktocht koene de fjouwer oanhâlden wurde. Se krige in prosesferbaal en mochten doe wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)