Jonges oppakt foar stellerij

28 okt 2007 - 12:54

De plysje hat sneon yn Drachten fiif jonges út dat plak oppakt foar stellerij. Ien fan har is tsien jier, de oare fjouwer binne tolve. De bewenster fan in hûs oan de Klaverweide hearde gestommel by har wenning en gong op ûndersyk út.

Se seach noch krekt in pear jonges fuort rinnen. It die bliken dat se flessen frisdrank stellen hienen. De plysje koe de jonges letter oanhâlde. Nei in petear binne se wer frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)