Jonges oppakt foar mislediging

29 apr 2007 - 15:08

De plysje hat sneontejûn yn Snits in jonge (15) út Aalsmeer en in jonge (ek 15) út Snits oanholden foar mislediging. De jonges makken diel út fan in groep jongeren dy't oerlêst feroarsaken. Plysjeminsken fersochten de jongereren om fuort te gean en op te hâlden mei har misledigingen.

Nei nije misledigingen binne de twa jonges oanholden. Se binne foar ferhear nei it buro brocht. Se ha proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)